Partoer

Ut Wikipedy

In partoer (yn 'e regel útsprutsen as "p'toer") is in sportteam yn it keatsen, dat ornaris út trije persoanen bestiet. Dy kinne spesjalisearre wêze as opslagger of as retoerslagger. Soms wurdt ek mei in partoer fan twa persoanen spile, bgl. as ien fan 'e trije leden fan in fêst partoer siik is of troch oare omstannichheden fan dielname wjerholden wurdt.[1] It wurd 'partoer' komt oarspronklik (lykas in protte keatstermen) út it Frânsk, fan parture, dat in ferkoarte foarm is fan departure ("ôfreis"; yn dizze kontekst miskien "ôffurdiging"?).[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1414.
  2. It lemma parture op Wiktionary.