Orange City (Iowa)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Orange City
Orange City yn Sioux County yn Iowa
Orange City yn Sioux County yn Iowa
Sifers
Ynwennertal 6000 (2010)
Oerflak 8 km²
Befolkingstichtens 750 / km²
Hichte 440 m
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Iowa
Distrikt Sioux County
Oar
Tiidsône Central (CST) (UTC-6)
*Simmertiid CDT (UTC-5)
Koördinaten
Webside orangecityiowa.com
Gerjochtsgebou fan Sioux County yn Orange City

Orange City is in plak (city) yn de Amerikaanske steat Iowa en heart bestjoerlik ûnder Sioux County.

Orange City is ferneamd nei Prins fan Oranje Willem III fan Oranje-Nassau (Ingelsk: Prince William of Orange). Dat hat te krijen mei it Nederlânsk komôf fan de measte ynwenners.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

It ynwennertal 2006 wurdt troch it United States Census Bureau rûsd op 5860, 278 (5,0%) mear neffens 2000. Yn 2000 wie 48,1% fan de befolking fan Nederlânsk komôf.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Orange City en Sioux Center waarden yn de 19e ieu troch neisieten fan Nederlânske ymmigranten stifte. Harren âlden behearden ta de Ofskiedenen, otterdokske grifformearden dy't har yn 1834 fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke losmakke hienen. Under de lieding fan dûmny Hendrik Scholte ferfarren sy nei de Feriene Steaten en stiften sy yn it súdeasten fan Iowa it plak Pella.

Godstsjinst[bewurkje seksje | edit source]

De measte ynwenners binne lid fan de Christian Reformed Church in North America, in grifformeard Amerikaansk tsjerkgenoatskip dat him yn 1857 fan de Reformed Church in America ôfskiede. De lêstneamde tsjerke hat in tal tsjerken yn Orange City, lykas ek de luterske tsjerke.

Kultuer[bewurkje seksje | edit source]

Fanwege de bining mei Nederlân is der alle jierren yn it tredde wykein fan maaie in tulpefestival. Ek hawwe in soad huzen in soarte fan Nederlands foargevel.

Underwiis[bewurkje seksje | edit source]

Orange City hat in partikulier kolleezje (hegeskoalle), it Northwestern College, dat ferbûn is oan de Reformed Church in America.

Berne yn Orange City[bewurkje seksje | edit source]

Stoarn yn Orange City[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]