Oerlis:Strjitten yn Aldegea (Smellingerlân)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wat is it ferbân tusken Sânbuorren, Aldegea, en Sânbuorren (Opsterlân)? Drewes, 4 sept. 2009.

My tinkt de plakken/buorskippen lizze dêr yn de omkriten en de wei dy't der hinne rint is hjir faak nei neamd. De Ljouwerter Strjitwei is ommers ek meast de dyk nei Ljouwert ta. In link nei Ljouwert kin dan handich wêze. Om bygelyks wat oer soksoarte saken as de oanlis fan de dyk of de lizzing te skriuwen kin better dien wurde op de wize lykas by de strjitten op De Jouwer en Snits dien is. Sjogge jo dat faaks wat oars? --Swarte Kees 4 sep 2009, 17.16 (CEST)--Swarte Kees 4 sep 2009, 17.16 (CEST)[beäntwurdzje]
Yn it generaal bin ik it mei jo iens! Mar, at it om beskate lokaasjes mei eigennammen giet moat der wol in ferbân wêze, lykas yn it gefal fan de Ljouwerter Strjitwei dy't fan of nei Ljouwert rint. Yn it gefal fan Sânbuorren jildt itselde, tocht ik. Drewes, 4 sept.2009, 18.12 (CEST)
Dan binne wy it dêr ek oer iens. Fiel jo frij om it oan te passen.--Swarte Kees 4 sep 2009, 18.40 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat it beide buorren binne en beide wat mei sân te krijen hawwe. Oars net.
Om de betsjutting fan de strjitnammen by de nammen te setten, dat hat syn neidielen: It jout in lange side, mei min oersjoch, dêr't ynformaasje op ferdûbele is dy't ek op oare siden stiet. Ynformaasje oer de strjitte sels kin der fansels al by, at it net te folle wurdt. Oars koe de strjitte better in eigen side hawwe. At it mûglik wie soe der al in ûnderskie wêze moatte tusken keppelings nei in nammebetsjutting, en keppelings nei in strjitteside. Aliter 6 sep 2009, 22.58 (CEST)[beäntwurdzje]