Oerlis:Steggerda

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra: Goeie. Jo skriuwe yn jo bewurkingsgearfetting: "En hoe kin Steggerda oan de linker kant fan de Linde ûnstien wêze as it dêr súdeastlik fan leit?" Mar dat kloppet dochs? Je moatte by in rivier altyd mei de rêch nei de boarne en it gesicht nei de mûning stean. Dus dan leit Steggerda oan 'e linkerkant, oftewol súdlik fan 'e Linde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 jun 2023, 22.56 (CEST)[beäntwurdzje]

Sa sjoch ik der net nei, ik brûk de kaart as útgongspunt en sjoch dan nei de streamrjochting. By rivieren dy't foar it measte fan súd nei noard of oarsom streame is it (foar my) dúdlik: it westen fan de rivier is dan links, it easten is dan rjochts. De Ryn bygelyks streamt fan súdeast nei noardwest; neffens de kaart is it hiel maklik te sjen hokker plakken linksrheinisch (sa't se dat yn Dútslân sizze) en hokker rechtsrheinisch lizze. Streamt in rivier yn in mear horizontale rjochting fan east nei west, lykas by de Linde, of fan west nei east, dan hat de rivier in noardlike of in súdlike kant. As jo útlis de offisjele is, en dat wol my bêst oan want ik ha jo aardich heech yn jo kennis fan saken, dan kin dy útlis wol hiel betizend wêze. Want by rivieren dy't net fan east nei west mar fan west nei east streame (lykas de Donau), wurde de begripen lofts en rjochts mei it each op súd (rjochts) en noard (links) krekt oarsom tapast. Sa leit Kroaasje súd en dus rjochts fan de Donau. De Donau foarmet foar Kroaasje de eastlike grins mei Servje, dat dan wer links fan 'e Donau leit. Yn sokke gefallen soe ik dan dochs kieze foar 'west fan de Donau' en 'east fan de Donau'. Want nimme jo de kaart as útgongspunt, dan leit Kroaasje links fan de Donau en Servje rjochts. Offisjeel wie 'links fan de Linde' dan goed, mar dochs lit ik myn feroaring 'súdlike kant fan de Linde' sa stean om't dy beskriuwing neffens my minder fragen opropt.--RomkeHoekstra (oerlis) 29 jun 2023, 09.40 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ja, no, ik begryp dat soks betiizjend wurkje kin om't it by de Donau, sa't jo sizze, yndie krekt oarsom is as by de Linde, mar sa sit it wol. Dat it by de Ryn foar jo gefoel wol kloppet, is dus eins poer tafal. As jo leaver "súdlik fan 'e Linde" skriuwe, is dat ek poerbêst fansels, dat nimt eltse kâns op misbegryp fuort. Mar foar jo tekstbegryp is it wol fan belang dat jo foar it ferstân hawwe dat as der earne skreaun wurdt oer de linkerkant fan 'e Mississippi, om mar in rivier te neamen dy't fan noard nei súd streamt, dan wurdt de eastlike igge bedoeld. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 jun 2023, 12.17 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Dat is ek sa.Ik hâld it dus mar oan noard, west, east of súd. Foar my wol sa maklik, fral as it om de lytsere rivierkes giet.--RomkeHoekstra (oerlis) 29 jun 2023, 12.29 (CEST)[beäntwurdzje]