Oerlis:Spjochtpappegaaien

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Te tûken as net te tûken[boarne bewurkje]

Yn de Fryske Wikipedy hawwe wy gjin tûken, mar wy hawwe tuskenfamyljes, dy't fansels itselde doel tsjinne, mar mei it foardiel dat der net in fiktive ekstra laach yn de taksonomy foar nedich is. Mar immen is der al mei iens dat ik tûke fuorthelje d&êr't ik it by fersin ynfoegd hie, mar is it der ent mei iens dat ik der dan tuskenfamylje fan meistsje.
Tink der mar oer. Ik haw oare saken om myn tiid mei te fergriemen. Mysha (oerlis) Mysha (oerlis) 28 nov 2023, 15.35 (CET)[beäntwurdzje]

@Mysha: Wêr hawwe jo it oer? De tûke is yn 'e taksonomy de Fryske foarm fan it Ingelske tribe en it Nederlânske tak of tribus. Dêr is hielendal neat fiktyfs oan, it is in taksonomyske rang dy't rûnom brûkt wurdt, ek yn 'e Wikipedy (sjoch: Wiki:Wat_is_hjirmei_keppele/Tûke_(taksonomy)). "Tuskenfamylje" hie ik noch nea fan heard, hoewol't ik my al jierren yn dizze ûnderwerpen ferdjipje. Nei lang sykjen haw ik dochs in boarne fûn dy't seit dat der sokssawat bestiet: op 'e Ingelske wiktionary. Dat moat dan in tige selden brûkte taksonomyske rang wêze, want ik bin him noch nea tsjinkommen. No makket dat fierders neat út, mar wat ik sizze wol is dat tûke folle gongberder is. Je kinne it ek oan 'e útgong fan 'e wittenskiplike namme sjen: yn it bisteryk einigje tûken op -ini (lykas hjir by Micropsittini), ûnderfamyljes op -inae, famyljes op -idae en boppefamyljes op -oidea. Der kin dus gjin twifel oer bestean dat it hjir om in tûke giet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 nov 2023, 16.32 (CET)[beäntwurdzje]