Oerlis:Skamte (anatomy)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk: Goeie. Apart ja. It is noch folle slimmer. Neffens my is it folslein ynboargere wurd "schaamstreek". It Frysk giet nei de barebysjes! Drewes (oerlis) 28 des 2021, 19.21 (CET)[beäntwurdzje]

@Drewes: Ek goeie. Dat haw ik dan wer noch net heard, alteast net bewust, hoewol't it bêst mooglik is dat dat hjir ek sein wurdt troch de jongere generaasjes. Och, as men der ris in wurd as schaamstreek tuskenyn smyt, dêr mei ik net op ôfjaan, want ik brûk ek wolris in Hollânsk wurd yn it praten. Wat ik slimmer fyn is dat in soad bern en no ek al folwoeksenen miene dat der hielendal neat mis mei is as se dingen sizze as: "Ik fyn dat hy moai kin sjonge." As ik dàt hear, dan giet de grize my oer de grouwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 des 2021, 20.42 (CET)[beäntwurdzje]
Nee, "skamte" hie ik ek noch nea fan heard, wol "skamstreek" of sels "skaamstreek". Dat dy tiidwurden omdraaid wurde, dat klinkt foar my as der immen mei de fingerneils oer in skoalboerd skrast. En ek it wurd "lytsbern" foar "bernsbern" dat ik hjoed-de-dei ek faker hear, dêr wurd ik ek mâl fan.--Kneppelfreed (oerlis) 28 des 2021, 21.09 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, "lytsbern", dat is ek in moaienien. Dat wurdt no sels al sein troch lju fan yn 'e santich. Dan freegje ik my ôf: hawwe jim no hielendal gjin taalgefoel? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 des 2021, 22.10 (CET)[beäntwurdzje]