Oerlis:Moardnerij fan Oradour-sur-Glane

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Bloedbad[boarne bewurkje]

@RomkeHoekstra: Ik begryp eins net wat jo tsjin it wurd "bloedbad" hawwe, dat neffens my in folle gongberder beneaming is foar sokke foarfallen.

Ieneach fan 'e Esk Ik ha jo fraach hjir mar hinne ferhûze, want dit is in gaadliker plak om antwurd te jaan en foar it gefal oaren hjir ek fragen oer ha. It net brûken fan in wurd bestjut fansels net automatysk dat immen dêr wat op tsjin hawwe moat. Ik ha no in pear kear oer sokke ûnderwerpen skrean en ha de earste kear de oersetting fan bloedbad yn it wurdboek opsocht (Frysk Wurdboek, 8e printinge 1999, 90 6066 441 8 / UGI 730). Dat die ik om 't my it wurd bloedbad (en dan fral dat lêste stikje bad) net sa Frysk talike. En ik fûn yn it wurdboek dêr trije wurden: moardnerij, moardpartij en moarderij. It wurd bloedbad stie der net by en dêrom ha ik ien fan de trije wurden pakt. Dêr is fierder fan gjin ien kommentaar op kommen, ek net by de soartgelikense lemma's dy't folgen, dus bleau ik dat wurd brûken foar sokke moardpartijen. Foar safier dus de kar foar moardnerij.
MAR: no't ik der troch jo fraach fierder oer begjin nei te tinken, fyn ik it wurd moard of moardnerij hjir eins hiel goed fan tapassing, sa net better. Want it mei sin en planmjittich deadzjen fan ûnskuldige minsken lykas hjir barde falt sûnder mis yn de kategory moard. En fansels wie it moardzjen yn Oradour-sur-Glane ek in bloedbad. Mar is in bloedbad yn de letterlike betsjutting (lykas de Nederlânske wiki en Frysk wiki dat sa ha wolle) wol altiten it gefolch fan moard op in stikmannich persoanen tagelyk? Seit in bloedbad net folle mear oer de sitewaasje dat in soad minsken omkommen binne, wêrby it motyf dochs wat mear yn 'e midden bliuwt? Dat motyf kìn moard wêze, mar as it foaropsteld plan om minsken te deadzjen ûntbrekt is it gjin moard mear. Om it konkreet te meitsjen: by in Nederlânsk bombardemint yn Hawija (Irak) kamen 70 boargers om, om't de piloaten tochten dat hja it haadkertier fan IS oanfoelen. It gefolch fan it fersin - 70 deade boargers - kin as in bloedbad omskreaun wurde. Mar it wie gjin moard yn de sin om dy minsken mei sin te deadzjen. Der is neffens my dus in lyts, mar wol belangryk ferskil tusken moardnerij en bloedbad. Wylst moardnerij of in moardpartij altiten op in bloedbad útrint, hoecht in bloedbad net altiten in gefolch te wêzen fan moard. Miskien sjoch ik wat oer de holle, mar dan hear ik dat hjir graach.

RomkeHoekstra (oerlis) 7 aug 2023, 09.41 (CEST)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra: Prima om dat hjir even te besprekken. It wie in losse opmerking dy't ik der ympulsyf even útsmiet. Ik haw der net iens by stilstien dat sa'n normaal wurd net yn it Frysk wurdboek stean soe, mar nei oanlieding fan jo skriuwen hjirre bin ik de wurdboeken ris even neirûn. Yn it Ned.-Frysk oersetwurdboek fan Visser is it (ta myn ferheardens) krekt sa't jo sizze. Yn it Frysk-Ned. oersetwurdboek fan Zantema stiet it ek net, mar it wurddiel "bad", dat jo net Frysk taklinkt, stiet dêr wol yn as "bad" mar ek yn gearstallings as "badfeint", "badgast", "badpak", enfh. Yn it Frysk Hânwurdboek (s. 194) wurdt "bloedbad" dan wer wol neamd as in gewoan Frysk wurd, sûnder de H dy't se dêr oan ynboargere hollanismen tafoegje. Dus it is yn elts gefal wol in geef Frysk wurd. Mar ik snap no jo wifeling om it te brûken. It is ek al healwiis dat soks by de Fryske Akademy fan wurdboek ta wurdboek ferskilt.
Wat jo fierders op 't aljemint bringe oer it ferskil tusken "bloedbad" en "moardnerij" is my wat te semantysk. Ik bin it mei jo iens dat "moarnerij" foar soksoarte oarlochsmisdieden deskriptiver is. Mar "bloedbad" is gongberder en as minsken nei soks sykje, dan sille se perfoarst yn it sykfinster "Bloedbad fan ..." yntype. Persoanlik soe ik dêrom foar "bloedbad" kieze, mar it stiet jo fansels frij om in oare kar te meitsjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 aug 2023, 22.16 (CEST)[beäntwurdzje]