Oerlis:Hersteld Herfoarme Tsjerke

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dei meidoggers, soe dizze side net better "Wersteld Herfoarme Tsjerke" hjitte moatte? Wat fine jim? --Kneppelfreed (oerlis) 20 jul 2022, 07.11 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie Kn. 'Wersteld' is gjin Frysk, mar Frollânsk. Soms moatst eigennammen net fertale wolle. Drewes (oerlis) 20 jul 2022, 16.33 (CEST)[beäntwurdzje]
Goeie. Tsja, Drewes hat hjir wol in punt, fyn ik. As "werstelle" no geef Frysk wie, soe ik der beslist foar wêze om 'e side om te neamen. Mar "wersteld" en "hersteld" is net ien fan beiden geef Frysk, dus ik sjoch yn dit gefal de mearwearde fan omneamen net yn. Geef soe wêze: Reparearre Herfoarme Tsjerke of Fannijs Herfoarme Tsjerke of sa, mar dan geane je sa'n ein fan 'e eigentlike namme ôf dat it wer ferfrjemdzjend wurket. Ik soe sizze: lit sa mar stean. "Hersteld" mei dan gjin goed Frysk wêze, mar it smyt yn elts gefal gjin misferstannen op. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 jul 2022, 18.43 (CEST)[beäntwurdzje]