Oerlis:Fryske mytology

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Soe dizze side ek noch brûkt wurde kinne om in lyts stik oer it Oera Linda Boek te skriuwen? Faaks ûnder de subkop 'Ferhalen'? Groetnis --Kening Aldgilles 20 aug 2011, 16.08 (CEST)[beäntwurdzje]

It kin, OLB sit in mytyske kant oan, mar mist it serieuze en hillige aspekt fan de wiere myte. Ik soe it in apart kopke jaan, bygelyks 'mistifikaasje', of sa. Of gewoan in 'sjoch ek'. Drewes 20 aug 2011, 16.46 (CEST)[beäntwurdzje]

Split yn twaen en folslein oerskriuwe[boarne bewurkje]

Problematyskeside dy't mearkes fertelt oer de Germaanske mytology en min ûnderboud is. Moat neffens my en nij skreaun en splitst wurde. It diel oer resinte folksferhalen is wol relevant en kin oanfolle wurde mei materiaal fan de Nederlânske wiky (sjoch Van der Molen en it rike wurk fan de ferstoarne Jurjen van der Kooi). De resinte folksferhalen binne lykwols ûnrjochtlik ferbûn mei dingen út in folslein oare tiid. Typysk 19e-ieuske moade dy’t foar de oarloch hielendal út de hân rûn. Net sûnder reden wurdt Douwe Kalma oanhelle. It is net te tinken dat de kristlike Friezen tûzen jier heidenske ferhalen ferhelle hawwe oant Poortinga se opskreaun hat. It artikel kin dus beter opsplitst wurde yn in rubryk oer resinte folksferhalen en in folslein bewurke paragraaf oer de Germaanske mytology, ûntdiend FAN ferkearde suggestjes.Otto S. Knottnerus (oerlis) 15 apr 2024, 13.52 (CEST)[beäntwurdzje]