Oerlis:Friesenwall (muorre)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dat dy balstiennen, dêr't de muorren fan oplutsen waarden, troch de see oanfierd binne, liket my raar ta. Earder troch gletsjers tink ik. Drewes (oerlis) 28 feb 2020, 21.12 (CET)[beäntwurdzje]

Neffens my is dit artikeltsje min ofte mear in oersetting fan it korrespondearjende artikel op de:. Dêr stiet: Friesenwälle entstanden ursprünglich in den Marschgebieten Frieslands, da es dort keine Steinbrüche und kaum Holz gab, das sich zu Zäunen verarbeiten ließ, so dass die Bewohner auf Findlinge angewiesen waren, die sich auf den Feldern fanden. Dus: "Friesenwälle ûntstiene oarspronklik yn it sompelân fan (Noard-)Fryslân, om't dêr gjin stiengatten wiene en ek mar amper hout dêr't men stekken fan meitsje koe, sadat de bewenners op balstiennen oanwiisd wiene dy't se yn harren ikkers fûnen." Dêr sille se grif troch gletsjers brocht wêze, tinkt my. Ik feroarje de tekst fan dit artikel. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 feb 2020, 22.18 (CET)[beäntwurdzje]