Oerlis:Follybalferiening DoskoActa

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk: Tiim komt yn it Wurdboekportaal fan ’e Fryske Akademy en by Zantema/Visser net foar. Wy kinne gewoan it lienwurd team brûke. Drewes (oerlis) 30 jun 2018, 22.23 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: Dat kin wol wêze, mar in 'team' (rymt op 'beam') bestiet ek as in lânseigen Frysk wurd mei ferskate betsjuttings, yn it foarste plak foar Hollânsk toom (in team hynders, ensfh.). Ik fyn, it Ingelske team skept betizing oangeande de útspraak, dêrom skriuw ik leaver 'tiim', dan is de bedoeling daliks foar eltsenien dúdlik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jun 2018, 22.28 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Tiim is allinnich foar beropsfriezen dúdlik. Drewes (oerlis) 30 jun 2018, 22.46 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: Fine jo? Ik bin sels net sa wei fan 'tiim', mar ik tocht dat ik de lêzer der krekt in tsjinst mei bewiisde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jun 2018, 22.50 (CEST)[beäntwurdzje]