Oerlis:Eastrumer Opfeart

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Soe immen efkes neigean kinne oft dizze opfeart werklik trochrint oant it Dokkumer Grutdjip? Meastentiids rint in opfeart nei in plak ta, miende ik. It is op myn atlas net goed te sjen. Swarte Kees 13 okt 2007, 21.24 (CEST)[beäntwurdzje]

It sil tink wol lêstich wêze om dit út te finen. Yn de Midsieuwen wie der by Eastrum in syl by it Dokkumer Grutdjip wêr't it wetter fan Dongeradiel yn see lost waard. Dy syl is letter rille gau in ûnbrûk rekke meidat al it wetter út dy omkriten troch de Suderie by Iezumasyl op de Lauwerssee lost waard. De feart sil letter wol de namme fan opfeart krigen hawwe doe't der allinnich noch brûkt waard foar it berikken fan Eastrum oer it wetter. Mar de feart hat altiten nei it Dokkumer Djip rûn, dus ik tink dat ek dy lêste pear hûndert meter wol mei deselde namme oantsjut wurde. Dat is ek wol wat ynformaasje wat derby kin, ik sil it boek Slieperdiken en Binnendiken der noch ris byhelje foar de ynformaasje oer de wetterlossing en de syl. Theun 14 okt 2007, 14.14 (CEST)[beäntwurdzje]