Oerlis:2022

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

23 oktober[boarne bewurkje]

"De Sineeske lieder Xi Jinping wurdt foar in noch net earder foarkommen trêde termyn beneamd as siktaris-generaal fan 'e Sineeske Kommunistyske Partij, en dêrmei as hearsker oer de hiele Folksrepublyk Sina. It liket der sterk op dat er de macht foar de rest fan syn libben fêsthâlde wol." Wêr giet dit oer: Dat Xi beneamd is, dat it binnen de SKP nea earder bart is, dat er hearsker oer Sina is, as dat is LIKET as wol er de macht hâlde? Aliter (oerlis) 30 des 2022, 22.08 (CET)[beäntwurdzje]

Allegear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 des 2022, 23.42 (CET)[beäntwurdzje]
Dan is it grif wat drok foar ien lemma. Wat is der sa wichtich, dat it yn in beskriuwing oer it jier opnaam wurde moat? Aliter (oerlis) 31 des 2022, 20.17 (CET)[beäntwurdzje]
Wat is der no sa wichtich oan? It is in grut nijsfeit, dat krekt sa brocht waard troch de nijsmedia. Der is neat droks oan, want it is allegear ien gearhingjend gehiel. Ik begryp jo earlik sein net. Giet it jo om it lêste stikje: It liket der sterk op dat er de macht foar de rest fan syn libben fêsthâlde wol? Dat is nijsweardich om't Sina fan 'e dea fan Mao ôf oant no ta sekuer omskreaun gjin diktatuer wie, mar in oligargy, dêr't in kloft lju (de lieding fan 'e SKP) de tsjinst útmakke. Xi hat der yn 'e lêste jierren wer in ienmansdiktatuer fan makke, en it earste taastbere bewiis dêrfan is dat er net lykas syn foargongers nei twa terminen plakmakket foar in opfolger, mar himsels foar in trêde termyn beneame lit. Bûtenlânske politike analisten geane der dêrom fanút dat er net mear fan doel is om 'e macht noch los te litten. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 jan 2023, 01.59 (CET)[beäntwurdzje]
Dêr moat ik efkes oerneitinke. Ja, it is drok om't der in soad oantaheakke is. It is al in gearhingjen gehiel, mar net in ûnskiedber gehiel. Dat "It liket der sterk op dat er de macht foar de rest fan syn libben fêsthâlde wol" is in perbleem. Of it mar krekt sa is, as sterk liket, dat heart yn it artikel, net yn it oersjoch. Ommers, wy hawwe hjir eins net in brûnlist. Dit is allinnich in werjefte fan wat yn de artikels stiet. Wat de analisten der fan fine ek foar it artikel. Dat, it giet om de earste diktator sûnt Mao. Efkes sjen: "De Sineeske lieder Xi Jinping wurdt as siktaris-generaal fan 'e Sineeske Kommunistyske Partij wurdt diktator oer de hiele Folksrepublyk Sina." Yn it artikel komt dan dat it in tredde termyn is, wêrom dat net gewoan is, dat it de yndrok jout fan in diktatorskip en wat de analisten der fan fine. Sjoch ek, brûnlist, kategoryen. Aliter (oerlis) 1 jan 2023, 21.53 (CET)[beäntwurdzje]
Okee, mar as jo skriuwe fan "hy wurdt diktator oer de hiele Folksrepublyk Sina", dan leit dêr eins ek in konklúzje yn besletten. Ik haw der fan makke: "De Sineeske lieder Xi Jinping wurdt foar in trêde termyn beneamd as siktaris-generaal fan 'e Sineeske Kommunistyske Partij (en dêrmei as hearsker oer de Folksrepublyk Sina). Hy is sûnt de dea fan Mao Zedong de earste persoan yn dy funksje dy't net nei twa terminen romte makket foar in opfolger." Dat binne de bleate feiten, alhiel ûntdien fan spekulaasje en analyze. Hoe liket jo dat ta? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 jan 2023, 00.39 (CET)[beäntwurdzje]
Folle better. Sjoch, at ik dan sis dat der wat mis is, dan is it net om't ik in omkoal bin. Mar it kin weze dat ik earst sjen moat krekt wat at it perbleem is. It is noch wat grut, mar dat is net oars.Aliter (oerlis) 2 jan 2023, 22.32 (CET)[beäntwurdzje]
Moai dat we hjir tegearre út komme koene. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 jan 2023, 22.44 (CET)[beäntwurdzje]