Oeralbommesmiter

Ut Wikipedy
Prototype fan de Dornier Do 19 by in testflecht
Junkers Ju 89

Oeralbommesmiter (Uralbomber) wie de oantsjutting foar it projekt fan in langeôfstânsbommewerper fan de Dútske Luftwaffe yn it ramt fan de bewapening fan de Wehrmacht yn de tiid fan it nasjonaalsosjalisme. Troch it grutte berik moast it tastel djip yn fijanlik gebiet trochkringe kinne ("hielendal oant oan de Oeral").

De term waard brûkt foar twa fjouwermotoarige fleantúchtypes:

De Bayeryske Flugzeugwerke skine noch in ûntwikkelingsoarder krigen te hawwen (in bedrach foar de bou fan in neimaak ferskynde yn de kontrolearre jierrekken foar 1937). It Reichsluftfahrtministerium (Ryks Loftfeartministearje) joech it de oantsjutting Bf 165. [1]

Generaal Paul Deichmann, destiids adviseur yn de Luftwaffe kommando-ôfdieling, fernijt yn syn memoires dat doe't Hermann Göring yn de maitiid fan 1935 in mock-up fan de Ju 89 te sjen krige yn de Junkers fleantúchfabryk yn Dessau, hy der kompleet troch ferrast en poerrazend waard, omdat soksoarte ûntwikkelingen foarbehâlden wiene oan syn beslút. Deichmann seit dat de generaals Walther Wever en Wilhelm Wimmer Göring ynformearren oer it projekt by in lêzing yn de maitiid fan 1934, mar dat Göring dit nei alle gedachten net fernaam fanwege syn morfineferslaving, omdat it like as wie er der net by mei de holle.

Deichmann meldt fierder dat yn de maitiid fan 1936, Göring it printsjen fan de "ynset-en gefjochtsynstruksjes" foar de Luftwaffe foar it jier 1936 ophâlde liet en oanfolje liet mei in passaazje wêryn 't de mooglikheid fan oarloch mei Ruslân oerwage waard. Dêrom wie de oantsjutting " Oeralbommesmiter", de oantsjutting fan de Ju 89 en Do 19 yn de kommando-ôfdieling, folslein rjochtfeardige west. [2]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ebert/Kaiser/Peters: Willy MesserschmittPionier der Luftfahrt und des Leichtbaues, Verl. Bernard & Graefe, S. 206f.
  2. Paul Deichmann: Der Chef im Hintergrund. Oldenburg 1979, s. 65 f.