Oaters

Ut Wikipedy

Oaters is in basketbalferiening op De Jouwer. De kleuren fan de klup binne grien en wyt. De klup hat syn ûnderkommen yn sporthal 'Sportfun' op De Jouwer.

De klup hie yn 2018 in manljus- en in frouljusteam. De jeugd bestie út in team ûnder de 18 en in team ûnder de 16 jier, fierders wiene der twa teams fan ûnder de 14 en twa teams fan ûnder de 12 jier. De alderjongsten spylje yn it 'Peanuts'-team. Boppedat wurdt troch rekreanten basketballe.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1971 waard foar it earst basketballe op De Jouwer, doe't de feriening Titanic oprjochte waard. De oprjochters bestie út jongerein dy't simmerdeis sylde en winterdeis ek aktyf wêze woene. Under lieding fan gymnastyklearaar J. v.d. Veen spilen in damesteam en in jongesteam kompetysje. Der waard spile yn de sealen oan de Skien en oan de Hurddraversdyk. Letter waard der ek spile yn sporthal De Stuit. De klup waard in oantal jierren ûnderdiel fan omnyferiening VKH en krige yn 1993 de namme Oaters. Dy namme komt fan 'oat', in synonym foar de nôtsoarte wylde hjouwer. Spilers fan de klup binne dus oaters, dus Jousters.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: