Springe nei ynhâld

Oanhing en fersprieding fan natoerreligys yn Nederlân

Ut Wikipedy

Yn Nederlân hawwe de natoerreligys fan oarsprong gjin autochtoane oanhing. Wol binne der guon allochtoane groepen, frijwol útslutend út Afrika, dy’t in natoerreligy belide, mar dy binne pas sûnt ’e ein fan ’e jierren santich nei Nederlân takommen, as asylsikers of as gastarbeiders. Fierwei de wichtichste fan dy groepen binne de Nigerianen (Yoruba, Ibo, ensfh.) en, folle minder, de Ganezen (Asjanty, Fanti, ensfh.), dy’t frijwol útslutend konsintrearre binne yn Amsterdam Súdeast (de Bylmer). De totale oanhing fan natoerreligys yn Nederlân sil op syn heechst om ’e 10.000 minsken hinne lizze, mar wierskynlik binne it der minder.

Under ynfloed fan ’e Nigerianen is ek een tige lyts oantal autochtoane Nederlanners oergongen nei in natoerreligy, nammentlik dy fan ’e Yoruba. Yn 1988 waard troch J. Verduijn de Seculiere Kerk der Yaqub Khani oprjochte, dy’t yn 1995 syn namme feroare yn it Nederlands Ifa Genootschap. As earste Nederlanner is Verduijn inisjearre as orisha-preester. It genootschap, dat fêste bannen ûnderhâldt mei lykstimde organisaasjes yn Nigearia en de Feriene Steaten, hie yn 1997 in tritich leden, mar in folle grutter tal sympatisanten en belangstellenden.

  • Hoekstra, E.G., en Ipenburg, M.H. - Wegwijs in religieus en levensbeschouwelijk Nederland, Kampen, 2000.