Noarderhaven 33 (Harns)

Ut Wikipedy
De wenning oan de Noarderhaven 33 anno 2011

De grêftenwenning oan de Noarderhaven 33 is in monumintaal pân yn Harns.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ôfbyldingen fan Neptunus (links) en Mercurius (rjochts) njonken de dakkapel

It grêftenpân oan de Noarderhaven 33 is út de 18e iuw. It dwersdak wurdt bekroand mei twahoekskoarstiennen. It dak wurdt oan de foarkant skieden troch in dakkapel, mei oan de beide sydkanten byldhoude figueren fan Neptunus en Mercurius (sjoch ôfbyld). De yngong oan de linkerside sit zich tusken twa ioanyske pylders en ûnder in heal rûn snijfinster mei fersierde swikken, in patroan dat werhelle wurdt yn de beide finsters fan de ûnderferdjipping. De boppeferdjipping telt oan de foarside trije njoggenrútsramen, wêrfan de ûndersiden, krektas by de beide finsters fan de ûnderferdjipping, lûken hawwe.

Oan de efterside fan de wenning is in dakfinster makke dat de bewenners útsjoch joech oer de Waadsee. It pân is erkend as ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod: Noarderhaven 33 Harns
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4