Nikola Pasic

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nikola Pašić
Nikola Pasic

Nikola Pašić (Zajecar, 1 jannewaris 1845Belgrado, 10 desimber 1926) wie in Servyske (letter Joegoslavyske) premier.

Pašić waard yn syn jonge jierren in soad bleatsteld oan it Súd-Slavyske nasjonalisme en it anargisme fan Pjotr Kropotkin en Michail Bakoenin.

Yn 1878 waard Pašić keazen foar it servyske parlemint. Yn 1881 rjochte hy mei in oantal oare politisy de radikale partij op. De doelstelling fan dizze partij wie in grut Servje op te bouwen. De partij wie yn earste ynstânsje progressyf sosjaal. Mar nei in pear jier feroare dit yn in konservative en autoritêre partij. De partij stie letter bekend as tige sintralistysk. Pašić waard foar it earst presidint fan Servje yn febrewaris 1891, hy wie dit oant augustus 1892. Hjirnei gie hy nei Ruslân wer hy goeie kontakten opboude mei it Russyske hof en de by hearrende politisy. Mei inkele ûnderbrekkings wie Pašić presidint fan 1904 oant en mei 1918. Fan 1915 oant en mei 1918 hâlde hy ta op it Grykske eilân Korfu. De Serven waarden ferantwurdlik hâlden foar de dea op de Eastenryks-Hongaarske troanopfolger Frans Ferdinand yn juny 1914.

Op 1 desimber 1918 waard ûnder lieding fan Pašić it Súd-Slavyske keninkryk stifte, de foarrinner fan Joegoslaavje. Pašić wie ien fan de grûnlizzers fan Joegoslaavje. Hy ferstoar op 80-jierrige leeftyd yn Belgrado.