Nije Swemmer
Appearance
De Nije Swemmer is in kanaal dat rint tusken de Strobosser Trekfeart en it Dokkumer Grutdjip. It is in part fan it kanaal De Swemmer tusken it Burgumer Mar en Dokkumer Nije Silen.
Ear't de Nije Swemmer groeven waard, wie de ôfwettering fan dit gebiet fersoarge troch de Aldswemmer. Dy rûn fan it begjinpunt flakby de Petsleat ôf in stik noardliker en kaam by de Aldwâldmersyl yn it Dokkumer Djip út.