Nieuw Friesland

Ut Wikipedy

Nieuw Friesland wie in ûnôfhinlik kultureel wykblêd dat fan ein april 1945 oant maart 1949 bestie.

It blêd ûntstie út de Fryske edysjes fan it yllegale blêd Je Maintiendrai; wie nei july 1947 teffens it orgaan fan de Fryske Kultuerried en Kunstcentrum Friesland.

De redaksje bestie út E.B. Folkertsma, A.L Heerma van Voss, W. Kok, D. de Loor, Sj. van der Schaaf; einredakteur wie J.J. Kalma.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Nieuw Friesland.