Newton (ienheid)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De newton (symboal N) is de ôflate SI-ienheid fan krêft. De ienheid newton is definearre as de krêft dy't in massa fan 1 kilogram in fersnelling fan 1 m/s² jout:

\mathrm{1\, N = 1\, \frac{kg\cdot m}{s^2}}

In massa fan 1 kg ûnderfynt op ierde[1] op de breedtegraad fan de Lege Lannen op seenivo in krêft fan ûngefear 9,81 newton, oan de poalen is dit 9,83 N en oan de evener 9,78 N. Yn it deiske libben wurdt dit ek faak ôfrûne op 10 newton.

De newton is neamd nei Sir Isaac Newton.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Net op alle planeten wurdt in massa fan 1 kg like hurd oanlutsen, sjoch falfersnelling. De oanlûkingskrêft hinget ek ôf fan de hichte boppe it planeetoerflak.