Neön

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Neon)
Neön (Ne)

It oranje ljocht fan in neönlampe
Algemien
Namme: Neön
Symboal: Ne
Atoomnûmer: 10
Kloft: Edelgas, kloft 18
Perioade: Perioade 2
Blok: P Blok
Rige: Edelgas
Kleur: Kleurleas
Gemyske eigenskippen
Atoommassa: 20,17 u
Oksidaasjetastân: 0
Natuerwittenskiplike eigenskippen
Tichtheid: 0,8994 kg/m3
Raanpunt: 24,53 K
Siedpunt: 27,1 K
Gewoane tastân: Gas
Periodyk systeem


Neön is in gemysk elemint mei symboal Ne en atoomnûmer 10. It is in kleurleas edelgas.

Untdekking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neön is yn 1898 ûntdutsen troch William Ramsay en Morris Travers, suver op tagelyk mei de ûntdekking fan ksenon en krypton. It Grykske wurd neon betsjut nij.

Tapassings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opmerklike eigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Isotopen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meast stabile isotopen
Iso RA (%) Healweardetiid VV VE (MeV) VP
20Ne 90,48 stabyl mei 10 neutronen
21Ne 0,27 stabyl mei 11 neutronen
22Ne 9,25 stabyl mei 12 neutronen
24Ne syn 34,24 min β 2,470 24Na

Fan neön komme trije stabile isotopen foar: 20Ne (90,48%), 21Ne (0,27%) en 22Ne (9,25%). Fia neutroanemisje en α-ferfal kinne út 24Mg en 25Mg de isotopen 21Ne en 22Ne produsearre wurde. Isotopysk ûndersyk fan bûtenierdske rotsblokken hat oantoand dat yn it hielal 21Ne produsearre wurdt. Dat hâldt yn dat neön brûkt wurde kin foar it bepalen fan de âlderdom fan dit soarte rotsen en meteoriten.

Toksikology en feiligens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neön is net brânber, eksplosyf of fergiftich. It wurdt ferhandele yn silinders dy't ûnder hege druk stean. By it te fluch ûntsnappen fan it gas kinne brânwûnen op hûd of sykhelorganen ûntstean.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Dit artikel is in stobbe oer skiekunde.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.