Springe nei ynhâld

Neneh Cherry

Ut Wikipedy
Neneh Cherry
sjonger en/of muzikant
Neneh Cherry, 2013
Neneh Cherry, 2013
persoanlike bysûnderheden
echte namme Neneh Mariann Karlsson
nasjonaliteit Sweedsk
berne 10 maart 1964
berteplak Stokholm
wurkpaad
sjenre Rap, hip-hop, trip-hop
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Stim
grutste hit(s) Buffalo Stance (1988), Manchild (1989), I’ve Got You Under My Skin, 7 Seconds
jierren aktyf 1981 - no
prizen Brit Award
offisjele webside
http://www.nenehcherry.de/
Neneh Cherry op it Tauron Nowa Muzyka 2014 yn Katowice, Poalen

Neneh Cherry (Stockholm, 10 maart 1964) is in Sweedsk sjongster, dy't fan ein jierren 80 oant healwei de jierren 90 in tal grutte ynternasjonale hits hie mei in mjuks fan hiphop, soul en oare muzykstilen. Ta har grutste súksessen behearre Buffalo Stance (1988), Manchild (1989), I’ve Got You Under My Skin (1990, mei Afrika Bambaataa), 7 Seconds (1994, mei Youssou N'Dour) en Woman (1996).

Yn 't earstoan spile Cherry yn ferskate bands lykas The Slits en Rip Rig + Panic, mar begjin jierren tachtich sette se mei in solokarriêre út ein, mei as earste nûmer Stop the war, in protestliet tsjin de Falklânoarloch. Yn 1986 waard se troch Matt Johnson (The The) frege om mei te dwaan oan syn album "Infected". De grutte trochbrek kaam in pear jier letter, doe't hja mei Buffalo Stance in nûmer 1-hit helle yn ûnder oaren Nederlân. It liet kaam fan har debútalbum Raw Like Sushi út 1989.

De jierren dêrnei folgen mear hits, dy't ûnder oaren fan har twadde studioalbum kamen, Homebrew út 1992. Itselde jier rekke se in skoft út de rûlaasje troch de Sykte fan Lyme. Yn 1994 kaam se werom en skoarde se in grutte hit mei 7 seconds, yn gearwurking de Senegaleeske sjonger Youssou N'Dour. Yn 1996 kaam har album Man út. Se wie nei dy tiid ek as gastsjongster te beharkjen op albums fan Speech, Gorillaz, Pulp en cirKus.

Yn 2012 makke se yn 'e mande mei The Thing, in Noarsk jazztrio, it album "The Cherry Thing". Yn 2014 kaam it album Blank Project út, in album wêr't se al yn 2013 oan wurke yn 'e mande mei RocketNumberNine, in 'elektroduo' besteande út de bruorren Ben en Tom Page.[1][2][3]

Ik kar. De folsleine diskografy is te finen yn de Ingelsktalige Wikipedy: hjir

Yn gearwurkingsferbân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mei CirKus
  • Laylow (2006)
  • Medicine (2009)
Mei The Thing
  • The Cherry Thing (2012)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. telegrap.co.uk - Neneh Cherry and RocketNumberNine, review
  2. mif.co.uk - Great reviews for Neneh Cherry's new album
  3. soundcloud.com - Blank Project