Nederkalifornysk rotsiikhoarntsje

Ut Wikipedy
Nederkalifornysk rotsiikhoarntsje

In preservearre museumeksimplaar.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai rotsiikhoarntsjes
   (Otospermophilus)
soarte
Otospermophilus atricapillus
Bryant, 1889
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet
Lokaasje fan it ferspriedingsgebiet yn Meksiko.

It Nederkalifornysk rotsiikhoarntsje (wittenskiplike namme: Otospermophilus atricapillus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e rotsiikhoarntsjes (Otospermophilus). Dizze soarte hat in tige behindich, fragmintearre ferspriedingsgebiet, dat beheind is ta trije net opinoar oanslutende enklaves op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko. De IUCN klassifisearret it Nederkalifornysk rotsiikhoarntsje as in bedrige soarte.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nederkalifornysk rotsiikhoarntsje is lânseigen op it Kalifornysk Skiereilân yn it noardwesten fan Meksiko, dêr't dizze soarte yn trije lytse, net opinoar oanslutende enklaves foarkomt yn 'e noardlike helte fan 'e dielsteat Súd-Nederkalifornje. It hiele areaal beslacht in oerflak fan mar 5.000 km². Neffens oare opjeften soe it Nederkalifornysk rotsiikhoarntsje ek noch yn it suden fan 'e oanbuorjende steat Nederkalifornje foarkomme.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nederkalifornysk rotsiikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 23–30 sm, mei in sturtlingte fan 20 sm en in gewicht fan 230–500 g. De sturt is koarter as de rest fan it lichem, mar yn ferhâlding ta oare grûniikhoarntsjes dochs tige oan 'e lingte. De pels is op 'e rêch spikkelbûnt dûnkerbrún op ljochtbrún, in kleuring dy't fuortkomt út it feit dat de yndividuele hierren dûnkerbrune en sânkleurige horizontale bannen hawwe. De sturt is ek spikkelbûnt, wêrby't de dûnkere kleurfariant útskaait nei swart en en de ljochtere nei witich of rôze. Op 'e skouders en de kop is de pels effen dûnkerbrún. Op 'e bealch is it hier ljochtbrún. Om 'e eagen hinne sit in ljochtere râne.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It biotoop dêr't it Nederkalifornysk rotsiikhoarntsje libbet, bestiet út in rotsige wyldernis dy't diel útmakket fan 'e Sonoarawoastyn. It is in drûge en tige hjitte krite, dêr't lykwols dochs noch gâns plantegroei foarkomt. Dêrby giet it almeast om kaktussen en oare floara mei oanpassings oan it bestean yn 'e woastyn.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it hâlden en dragen fan it Nederkalifornysk rotsiikhoarntsje en hoe't er him ferhâldt ta de ekology fan it Kalifornysk Skiereilân is net folle bekend. Om't se ek winterdeis fongen wurde kinne, binne de bisten foar 't neist it hiele jier rûn aktyf, of oars hawwe se mar in koart skoft dat se winterdeis yn 'e rêst binne. Der wurdt oannommen dat it menu fan dit bist net folle ferskilt fan nau besibbe soarten, lykas it Kalifornysk grûniikhoarntsje (Otospermophilus beecheyi). Dat soe betsjutte dat it Nederkalifornysk rotsiikhoarntsje in omnivoar is dy't him fiedt mei de stâlen fan planten en mei lyts dierte, lykas ynsekten en oare wringeleazen. Sels wurde Nederkalifornyske rotsiikhoarntsjes fretten troch û.m. de prêrjewolf en ferskate soarten rôffûgels en ûlen.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nederkalifornysk rotsiikhoarntsje hat de IUCN-status fan "bedrige", mei't it ferspriedingsgebiet fan it bist beheind en fragmintearre is. Dêropta is der in tebekgong yn 'e populaasje metten, dy't feroarsake wurdt troch (oer)bejaging. Reden foar de bejaging is dat it Nederkalifornysk rotsiikhoarntsje troch de pleatslike befolking beskôge wurdt as skealik ûngedierte fanwegen syn oanfretten fan túnbougewaaksen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Belege en Literatur, op dizze side.