Nagorno-Karabakh

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Nagoro Karabach
Kaart fan Nagoro Karabach

Nagorno Karabach is in etnyske Armeenske enklave yn Azerbeidzjan. De enklave is om-ende-by 4800 kante kilometer grut, en wurdt omklamme troch Azerbeidzjan. De haadstêd is Stepanakert.

De befolking bestiet foar 95% út Armeenjers. Fierders wenje der noch wat Russen, Griken, Koerden en Oekraïners.

Op 2 septimber 1991 ferklearre de enklave him ûnôfhinklik fan Azerbeidzjan, mar dat wurdt ynternasjonaal net erkend. Formeel heart Nagorno Karabach ta it grûnbesit fan Azerbeidzjan, mar de fakto hâldt en draacht de enklave him as in ûnôfhinklike republyk.

Frij gau nei de ûnôfhinklikens ûntstie der kriich mei Azerbeidzjan om de enklave. Nagorno Karabach krige dêrby stipe fan Armeenje. De kriich waard ferlern troch Azerbeidzjan en sûnt dy tiid hearsket der in wapenstilstân. Under tafersjoch fan de OVSE wurdt al jierren socht nei in oplossing foar it konflikt.