Springe nei ynhâld

N.V. Nederlandsche Thermochemische Fabrieken

Ut Wikipedy

N.V. Nederlandsche Thermo Chemische Fabrieken (NTF) wie it earste fabryk yn Nederlân foar it ferwurkjen fan kadavers, it saneamde 'stjonkfabryk'. No hiet it Rendac.

De fleisguodfabryk fan de Joadske ûndernimmer Charles M. Nijveen (pseudonym foar Karel Mozes) oan de Damsingel yn Sumar wie de foarrinner fan it destruksjebedriuw N.T.F.

Charles M. Nijveen stelde it gemeentebestjoer yn 1922 foar om syn, oan de Damsingel fêstige fleisguodfabryk, om te bouwen ta in fleismoalfabryk foar de ferwurking fan kadavers. It kolleezje fan b. en w. woe lykwols yn earste ynstânsje net op de plannen yngean. It bestjoer fan de ôfdieling Fryslân fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten naam doe de ûnderhanneling mei faasje ûnder hannen. Gâns gearkomsten folgen en it gemeentebestjoer stimde der dêrnei mei yn om har meiwurking te ferlienen.

Yn 1925 waard de ‘N.V. Nederlandsche Thermo Chemische Fabrieken’ (NTF) te Amsterdam oprjochte troch José Vigeveno, mr. Marinus Leonard Kan en Karel Mozes Nijveen. It slagge de N.V. om yn 1926 har earste fabryk yn Sumar op te rjochtsjen. De earste destruktor fan de fennoatskip waard op 15 april 1926 ûnder grutte belangstelling fan likernôch 250 gasten iepene.