Mylène de la Haye

Ut Wikipedy
Mylène de la Haye
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mylène de la Haye
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 maart 1959
berteplak Maastricht (Limburch)
etnisiteit Nederlânsk
Frânsk
reg. identiteit Limburchsk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, presintatrise
medium tillefyzje
wurksum by RTL
bekend fan Echte Mannen
Lief en Leed
jierren aktyf ±1980 – no
offisjele webside
gjint

Mylène de la Haye (Maastricht, 29 maart 1959) is in Nederlânsk sjoernaliste, presintatrise en skriuwster fan Limburchsk komôf.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De la Haye waard yn 1959 berne yn Maastricht, dêr't se opgroeide yn in gesin mei fiif bern. Hja is in suster fan 'e akteur Robert de la Haye. Harren âlden hiene yn Maastricht in kafee.

Nei in sjoernalistike karriêre, wêrby't De la Haye û.m. jierrenlang bydragen levere oan it tydskrift Panorama, sette se útein mei in nij wurkpaad op 'e tillefyzje, by RTL Nederlân. Dêrby presintearre se de programma's Echte Mannen, op RTL 4, Te Paard Te Paard, op RTL 5, en fierders Lief en Leed en De Vakantievrouw. Ek hie se yn 2012 in gastrol yn Het Sinterklaasjournaal.

Yn 2003 brocht De la Haye in berneboek út, mei as titel De Droommeesters. Ek publisearre se yn 2012 it autobiografyske Smoelwerk, wêryn't se ferslach die fan har eigen gesichtsrekonstruksje. De la Haye is skieden en hat twa bern. Hja wennet yn Halfweg, yn 'e Noardhollânske gemeente Haarlimmerlide en Spaarnwâld.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References dizze side.