Springe nei ynhâld

Morley (Alberta)

Ut Wikipedy
Morley (Alberta)
De MacDougall Memorial United Church te Morley, in histoarysk monumint.
De MacDougall Memorial United Church te Morley,
in histoarysk monumint.
Bestjoer
Lân Kanada
Steat Alberta
Regio Alberta's Rockies
Sifers
Ynwennertal 35 (2001)
Oerflak 58,2 km² (ynkl. himrik)
Befolkingsticht. 15,0 / km² (ynkl. himrik)
Hichte 1.240 m
Oar
Stifting 1873
Tiidsône UTC-7
Simmertiid UTC-6
Koördinaten 51°09′42″N 114°51′3″W
Kaart
Morley (Alberta)
Morley
Lizzing yn Alberta.

Morley (útspr.: ['mɔɹli]) is in delsetting binnen de grinzen fan it Stony Reservaat 142-143-144 (Stoney 142-143-144 Reserve), it wichtichste Yndianereservaat fan 'e Súdlike Stony-Yndianen, yn it súdwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. It is in útbuorren dy't neffens gegevens fan Industry Canada út 2001 mar 35 ynwenners hie – yn 'e folkstellingsgegevens fan 'e Kanadeeske oerheid wurdt it net iens apart neamd. Likegoed is Morley it haadplak fan it reservaat, dat sadwaande ek wol it Morley Reservaat (Morley Reserve) neamd wurdt. It haadkertier fan 'e Stony Nakoda Naasje (Stoney Nakoda Naasje) is yn Morley fêstige.

Morley leit oan it spoar fan 'e Canadian Pacific Railway, tusken de Trans-Canada Highway en de rivier de Bow yn, streamop fan Ghost Lake. It leit op in hichte fan 1.240 m boppe seenivo yn in krite dy't yn 'e regel ta de Rocky Mountains rekkene wurdt. It heart ta de regio Alberta's Rockies, de folkstellingsdifyzje Nû. 15 en de federal riding (oftewol it kiesdistrikt) Wild Rose.

Morley waard yn 1873 stifte troch de metodistyske misjonaris John MacDougall, as in missypost om 'e fersprieding fan it kristendom ûnder de Súdlike Stony en Siksika-Swartfuotten te fasilitearjen. John syn heit George MacDougall, dy't it tafersjoch fan 'e tsjerke hie op alle metodistysk sindingswurk yn westlik Kanada, liet yn 1875 in pear km bûten Morley de McDougall Memorial United Church bouwe, dy't der noch altyd stiet. it is it âldste gebou fan 'e krite en de âldste protestantske tsjerke yn súdlik Alberta; hjoed de dei hat it de status fan histoarysk monumint.

Morley wie ek it plak dêr't yn 1920 troch de Kanadeeske Rie foar de Loftfeart (Canada Air Board) it earste fleanfjild fan it lân oanlein waard. It doel dêrfan wie loftferkenning boppe it Nasjonaal Park Banff en it bestriden fan boskbrannen. Yn 1969 hold te Morley foar it earst yn 'e Kanadeeske skiednis in gerjochtshôf sitting op Yndiaansk lân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.