Monique Verbruggen

Ut Wikipedy

Monique Verbruggen ( Jehannesburch, 7 jannewaris 1957) is in keunstneresse dy't wurket mei glês. Nei in dûnskarriêre wie se benijd oft se it hurde glês dûnsje litte koe. Se makket al sûnt de tachtiger jierren glêskeunst foar moderne ynterieurs, tsjerken, kantoaren, sikehuzen, hotels en skoallen.

Verbruggen brûkt dêrby techniken as glês yn lead, brânskilderjen en sânstrieljen.

De ûnderwerpen betinkt se sels, mar hja wurket ek yn opdracht foar arsjitekten en keunstners. Yn har glêswurkpleats docht se ek restauraasjes en jout se kursussen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: