Mollemakleaster

Ut Wikipedy

It Mollemakleaster is in strjitte yn Snits. Lokaal wurdt ek de namme de Sok brûkt. De strjitte is yn 1905 oanlein nei it ôfbrekken fan it doetiidske buertsje it Mollemakleaster en de earmeljuswente de Sok. De trochbraak fan it Súdein (Snits) nei de Wetterpoartsgrêft makke doe de noch nije Wûnderbrêge tagonklik fan de kant fan de Heechein.

Der stiene gjin huzen mei de foardoar drekt oan it trochstek. Om't yn Snits allinnich nammen jûn waarden oan strjitten dy't part fan in adres wienen, hie de strjitte dêrom lang gjin eigen namme. Dat wie de grûn wêrom de nammen brûkt waarden fan de beide ôfbraken dêr't de strjitte troch ûntstean wie. Yn 2003 hat it trochstek lykwols offisjeel de namme fan it buertsje fan in iuw earder krigen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]