Miedesweltsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Miedesweltsje
Miedesweltsje.png
taksonomy
Klasse: Magnoliopsida
Skift: Malpighiales
Famylje: Violaceae
soarte
Viola arvensis

It Miedesweltsje of Lyts fioeltsje (Viola arvensis, synonym: Viola tricolor far. arvensis) is in op boulân yn Europa algemien foarkommend plantsje dat dêr meast sjoen wurdt as ûnkrûd. Benammen op nôtfjilden komt it in soad foar.

It plantsje kin oant 20 sm heech wurde en woartelet mar leafst oant 45 sm djip. De bloeitiid is fan april oant oktober. De blommen binne lyts, meastal net grutter as 1 sm. Nei it rypjen springe de ienhokkige fruchten iepen en slingerje it sied yn'e rûnte. It sied hat in oaljehâldend oanhingsel dêr't eamelders sljocht op binne en dat dêrtroch bydraacht oan de fersprieding.

It Lyts fioeltsje is fan it boskfioeltsje te ûnderskieden troch de meast twakleurige blommen en de opsteande bledsjes oan de sydkant.

It Miedesweltsje is sawat oer de hiele wrâld te finen.

Iepensprongen frucht

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]