Melkunie

Ut Wikipedy

Melkunie ('molkeuny') is in Nederlânsk suvelmerk.

Yn 1989 fusearre de koöperaasje Melkunie Holland, dy't yn West-Nederlân aktyf wie, mei DMV Campina út it suden fan Nederlân. Oant 2001 fierde it bedriuw de namme Campina Melkunie. Dêrnei waard de merknamme Melkunie skrast en waard de namme Campina wer brûkt foar it hiele bedriuw.

Yn 2009 kaam it merk yn hannen fan Arla Foods nei de oername fan it fabryk yn Nijkerk.

Sûnt augustus 2012 is it merk Melkunie fannijs op de merk. De deifaske suvelprodukten dy't ûnder de namme Friesche Vlag ferkocht waarden hawwe sûnt de merknamme Melkunie.

Melkunie is mei bekend fan de commercials mei Peer Mascini en de slogan Al het goede komt van Melkunie-koeien. De reklamespot Bommetje wûn yn 1997 de Gouden Loeki[1]. By it fannijs lansearjen yn 2012 kamen der ek wer nije commercials yn deselde styl mei Mascini[2].

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Melkunie-koe valt ook in de prijzen
  2. Reclamespot Next level (2012)