Meksikaanske hazze

Ut Wikipedy
Meksikaanske hazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus flavigularis
Wagner, 1844
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De Meksikaanske hazze of Tehuantepechazze (wittenskiplike namme: Lepus flavigularis) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus), dat inkeld foarkomt yn in lyts, fragmintearre gebiet yn it suden fan Meksiko. Dit bist heart ta it ûnderskaai fan 'e steppehazzen (Proeulagus). De Meksikaanske hazze is benammen nokturnaal (by nacht) en krepuskulêr (yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage) aktyf. Dizze hazzesoarte hat te kampen mei habitatferlies, streuperij en yntylt troch genetyske isolaasje. De IUCN klassifisearret de Meksikaanske hazze dêrom as bedrige.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Meksikaanske hazze komt inkeld foar yn it lyts gebiet oan 'e kust fan 'e Golf fan Tehuantepec yn súdlik Meksiko. De Golf fan Tehuantepec makket diel út fan 'e Stille Oseaan en foarmet de súdlike begrinzging fan 'e Lâningte fan Tehuantepec, dêr't Meksiko op syn smelst is. Der binne trije faninoar isolearre populaasjes fan Salina Cruz yn 'e dielsteat Oaxaca yn it westen oant Tonalá yn 'e dielsteat Chiapas yn it easten. Yn totaal hat it ferspriedingsgebiet fan 'e Meksikaanske hazze in oerflak fan likernôch 5.000 km².

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Meksikaanske hazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 561/2–61 sm, mei in sturtlingte fan 61/2–91/2 sm en in gewicht fan 31/2–4 kg. De efterpoaten mjitte 111/2–131/2 sm yn lingte en de earen binne 10,7–11,9 sm lang. De pels is ljochtbrún op 'e kop, nekke en rêch, en wyt op 'e hals, bealch en poaten. It efterwurk is grizich en de sturt is swart. De Meksikaanske hazze is maklik fan oare hazzesoarten te ûnderskieden troch syn wite siden en teffens troch de beide swarte streken dy't fan 'e ûnderein fan 'e earen nei de nekke rinne.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meksikaanske hazzen libje op 'e tropyske drûge savannen en mei gerzen begroeide dunen by de iggen fan lagunen lâns dy't sâltwetter befetsje en yn ferbining steane mei de Golf fan Tehuantepec.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Meksikaanske hazze is net botte territoriaal, mei't de territoaria fan twa of mear yndividuën inoar oerlaapje, likefolle hokfoar leeftyd of geslacht se hawwe. In territoarium fan in folwoeksen eksimplaar mjit likernôch 50 ha, mei in kearngebiet fan 9 ha. Meksikaanske hazzen binne foar it meastepart nokturnaal en krepuskulêr, wat sizze wol dat se benammen by nacht en yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage aktyf binne. Oer it algemien rêste se by dei út yn in leger, in ûndjip dobke dat se meitsje ûnder strewelleguod of yn lang gers.

In Meksikaanske hazze.

Meksikaanske hazzen hawwe in polygyn fuortplantingssysteem, wêrby't rammen mei ferskate moerhazzen pearje. De peartiid rint by dizze soarte fan febrewaris oant desimber, mei in hichtepunt yn 'e reintiid, dy't duorret fan maaie oant oktober. De moerhazzen produsearje trochinoar 1–4 jongen de smeet. Hoefolle kearen oft se yn 't jier smite, moat noch ûndersocht wurde. Natuerlike fijannen fan 'e Meksikaanske hazze binne fral de grize foks (Urocyon cinereoargenteus) en de prêrjewolf (Canis latrans).

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it fretten fan 'e Meksikaanske hazze is net folle bekend. Der wurdt oannommen dat dit bist, krekt as oare hazzesoarten, herbivoar is, en dat er benammen gerzen en krûden fret.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Meksikaanske hazze hat de IUCN-status fan "bedrige", mei't it ferspriedingsgebiet behindich en fragmintearre is en de populaasje lyts. Bysûndere bedrigings foar dit bist binne yntylt feroarsake troch genetyske isolaasje fan 'e trije dielpopulaasjes en habitatferlies troch minsklike aktiviteiten, lykas feehâlderij, útwreiding fan doarpen en stêden, en oanstutsen natoerbrannen. Fierders is streuperij in probleem. Hiel inkeld wurde Meksikaanske hazzen troch bewenners fan it ferspriedingsgebiet ek as húsdier holden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.