Meidogger oerlis:Buroklei

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wolkom by de Fryske Wikipedy[boarne bewurkje]

Ik sjoch jo hawwe al wat oanpassings dien oan de side oer Doutzen Kroes. No hienen jo dêrby yn de tekst in keppeling nei in oar webstee makke. Dit kin fansels al, mar it docht bliken dat as der ferlet is fan sa'n koppeling yn de tekst, dat dat hast altiten betsjut dat it ûnderwerp fan dy keppeling better apart op in side behannele wurde kin. Ik haw dêrom no in side Praat mar Frysk oanmakke, dêr't alle ynformaasje oer dy kampanje oan tafoege wurde kin.

Fierders noch wat algemiene oanwizings:

  • Ynformaasjesiden oer de Wikipedy en behearsiden kinne jo fine fia de keppeling Wikipedy-mienskip, lofts boppe-oan op eltse side.
  • Jo fragen, oer wat ek mar, kinne jo skriuwe op Wikipedy:Oerlisside.
  • Fia de keppeling Ynstellings kinne jo jo ynstellings wizigje. Hjir kinne jo ûnder oaren in sinjatuer ynstelle. Ek kinne jo hjir oanjaan of al jo bewurkings op jo folchlist set wurde moatte; dan kinne jo op jo folchlist sjen wat der bart mei de siden dêr't jo oan meiwurke hawwe.
  • By oerlis kinne jo trije as fjouwer golfkes brûke om de sinjatuer dy't jo ynsteld hawwe ta te foegjen: ~~~~. Dat liket dan sa:

Aliter 21 des 2007, 00.14 (CET)[beäntwurdzje]