Springe nei ynhâld

Meidogger oerlis:212.182.71.227

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Achte 212.182.71.227,

Ik haw jo bydrage oan Mingde Fjochtskeunsten weromset. Troch it ien oft oar hie de ynterpretaasje fan de Spaanske tekst de karakteristiken fan in automatyske oerseter, wylst de Fryske oersetting in wat nuvere stavering hie. Fierders wie in part fan de tekst net spesifyk en hie better op mingde styl fjochtsport stean kinnen.

At jo net in soad Spaansk kinne, mar sels wat witte oer Fjochtsporten, dan is it faaks better at jo jo eigen wurden brûke. Oarsom, at jo problemen hawwe mei Frysk skriuwen, dan soenen jo earst allinnich lytse oanpassings oan siden besykje kinne. Of oars soenen jo at jo al de Nederlânske stavering machtich binne meiwurkje kinne oan de Nederlânke Wikipedy. Aliter 21.46, 8 aug 2006 (CEST)


Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.