MediaWiki:Captchahelp-text

Ut Wikipedy

Websteeën dêr't it publyk op skriuwe kin, lykas dizze Wikipedy-wiki, kinne lêst hawwe fan lju dy't automatysk keppelings oan de websiden tafoegje. Op dizze wiki kinne sokke feroarings maklik weromset wurde, mar dat nimt al tiid dy't ek oars brûkt wurde kin.

By it oanmelden as meidogger, en fierders benammen at jo keppelings om utens oan in side tafoegje, kinne jo fan de wiki in lettertoets krije. De wiki lit dan kleurde of ferwrongen letters sjen, en jo wurdt frege dy oer te tikken. Om't dit net maklik automatisearre wurde kin, hâldt dit it automatysk tafoegjen tsjin. It spitegernôch ek in lytse lêst foar de meidoggers.

In probleem dêr't noch gjin oplossing foar is it dat it in tûkelteam is foar minsken dy't net goed sjen kinne of dy't in tekst-blêder of lûd-blêder brûke. Hjir soe in lûd-ferzje foar komme moatte, mar dy is der noch net. Oerlis mei in behearder at dit foar jo problemen jout.

(Gean tebek mei de tebek-knop fan jo blêder.)