Max Euwe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Max Euwe in 1956

Machgielis (Max) Euwe (Amsterdam, 20 maaie 1901 – dêre, 26 novimber 1981) was een Nederlandse skaker en wiskundeleraar. Hij was wrâldkampioen fan 1935 oant 1937. Fan ûngefear 1920 oant yn de jieren fyftich wie hy de sterkste Nederlânske skaker.

Max Euwe hat him tige fertsjinstlik makke foar de skaaksport en wie presidint fan de FIDE by de mets Spassky - Fischer. Boppedat wie er in goed skaakskriuwer: hy skreau talleaze learboeken, wêrûnder de ynternasjonaal bekende Theorie der Schaakopeningen en de 'losblêdige'.

Hy makke namme troch syn tapassing fan wiskundige ynsichten en logika op it skaakspul. Hy wist him steande te hâlden yn komplekse stellingen wêryn hy de bêste taktyk oanjaan koe.

Euwe wurdt wol sjoen as de swakste wrâldkampioen, omdat hy de wedstriid tsjin Aljechin krektoan wûn mei in heale punt ferskil, 2 jier letter al de titel werom jaan moast nei in dikke nederlaach, en yn it toernoai fan 1948 as lêste einige.

[bewurkje seksje] Partijen

Yn de skaakdatabank Simbase steane 1697 partijen (peildatum maart 2004) dy't troch Max Euwe spile binne: hy wûn 694 partijen, hy ferlear 459 partijen en der waarden 544 partijen remise. Syn winstpersintaazje is 56%.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Münninghoff, A. - Max Euwe Biografie van een wereldkampioen.( Amsterdam: Keesing,(1976))
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen