Marie Laveau
Marie Laveau (New Orleans, Louisiana, 10 septimber 1801 – dêre, 15 juny 1881[1]) wie in Kreoalske voodoopreesteresse dy't aktyf yn New Orleans wie. Marie Laveau II (1827 — c. 1895), har dochter wie ek dwaande mei voodoo en de Louisiaanke ferzje fan Voodoo. Mem en dochter hiene in soad ynfloed op harren oanhingers, donkere en wite minsken. Yn it generaal is der net in soad mei wissichheid oer har magyske/paranormale karriêre te sizzen.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Histoaryske ferslaggen wolle ha dat Marie Laveau as frij persoan berne waard yn it Frânsk Kertier fan New Orleans, op tongersdei 10 septimber 1801. Se wie in dochter fan twa frije swarte Amerikanen dy't beide fan mingd rasiaal komôf wiene, ien wie in Kreoal út Louisiana.[2] Op 4 augustus 1819 boaske se oan Jacques (of Santiago, neffens oare boarneni) Paris, ek in frij swart persoan dy't út Haïty emigrearre wie.
Marie waard kapster en hie ferskate begoedige, wite famyljes ûnder har klanten. Tagelyk lei se har mei ien fan har dochters ta op voodoorituelen dy't bot basearre wiene op it Roomks-katolike leauwe. Sa krige se rillegau de bynamme Voodoo Queen (Voodoo Keninginne). Tsjinstwurdich tinke in protte ûndersikers dat Laveau har oannimlikens en betrouberens fersterkje koe troch har wurk yn de kapsalon, dêr't se alle dagen ferhalen oer buertbwenners opfong. Boppedat soe se neffens guon skiedkundigen in eigen bordeel hân hawwe, wat har noch mear de nedige (persoanlike) ynformaasje oplevere. Sadwaande soe Laveau by har praktiken in tûk manipulator fan de publike waarnimming west hawwe kinne.
Op 16 juny 1881 ferskynde de rou-advertinsje fan Laveau yn New Orleans yn de kranten. Se soe in dei earder in natuerlike dea stoarn wêze. Ferskate minsken soene har dêrnei noch libbend sjoen hawwe. Faaks hawwe dy har troch elkoar helle mei har dochter Marie dy't nei de dea fan har mem fierder gie mei de voodoopraktiken. Marie Laveau II waard sa rillegau oansjoen as de nije Voodoo Queen.
Der wurdt wol oannaam dat Marie Laveau beïerdige is yn de krypte fan de famylje Glapion op it Sint Louis Begraafplak Nû. 1 yn New Orleans, mar dêr is striderij oer. Yn alle gefallen lûkt dat grêf in protte toeristen.
Laveau yn fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Marie Laveau is oant no ta in populêr karakter yn ferskaat oan fiksje bleaun. Har status fan Voodoo Queen makket dat Laveau faak as in sterk en betûft voodooprysteresse ôfbyld wurdt, mei de nedige optochte oerdriuwing. Dr. John skreau in liet oer har en de pogroep Redbone hie in hit mei harren Witch Queen of New Orleans.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Martha Ward: Voodoo Queen: the spirited lives of Marie Laveau, University Press of Mississippi, 2004, ISBN 1-578-06629-8
- Ina Johann Fandrich: The mysterious Voodoo Queen, Marie Laveaux: A study of powerful female leadership in nineteenth century New Orleans, New York: Routledge 2005
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |