Maartje Wortel
Maartje Wortel | ||
skriuwer | ||
Maartje Wortel - Feest der Letteren 2016 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | William Shakespeare | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 oktober 1982 | |
berteplak | Eemnes | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | roman, koart ferhaal | |
prizen | Write Now! 2007, Anton Wachterpriis 2010, Nij Proaza Priis Fenlo 2010, Gouden Nasjonale Twittergala Cup 2012 | |
offisjele webside | ||
http://maartjewortel.nl/ Dbnl-profyl |
Maartje Wortel (Eemnes, 26 oktober 1982) is in Nederlânsk skriuwster.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de middelbere skoalle 'Laar en Berg' yn Laren besocht se in skoft de Akademy foar Sjoernalistyk yn Tilburg.[1] It jier dêrnei folge se de oplieding Byld & Taal oan de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam.
Wortel publisearre koarte ferhalen yn de literêre tydskriften Passionate Magazine, De Brakke Hond en De Gids. Haar collumns verschenen in NRC Next en Trouw. Maartje Wortel debutearre yn 2009 mei de ferhalebondel Dit is jouw huis by De Bezige Bij.
Yn 2011 ferskynde har earste roman Half Mens, wêrfoar't se nominearre waard foar de BNG Nije Literatuerpriis. Half mens giet oer in Amerikaanske taksysjauffeur dy't in Nederlânsk famke oanrydt. Inspiraasje foar it boek helle se út in artikel oer de psychyske steurnis BIID (Body Integrity Identity Disorder). Yn 2014 ferskynde, ek by de Bezige Bij, IJstijd dy't goed ûntfongen waard.
Yn 2015 kaam by de krekt oprjochte útjouwerij Das Mag de ferhalebondel Er moet iets gebeuren út. Der folgen njonken goede resinsjes ek nominaasjes foar de Fintro Literatuerpriis en de ECI Literatuerpriis.
Yn it boek De groef - wandeling (2021) beskriuwt se hoe't se fiif jier lang alle dagen kuiers makke troch it Oosterpark (Amsterdam) mei har goede freondinne Niña Weijers.
Fan jannewaris 2024 ôf bringt Orkater Wortels toanielstik Ground Floor op de planken, ûnder rezjy fan Suze Milius en mei muzyk fan Annelinde Bruijs.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Maartje Wortel is de dochter van lytskeunstener Gerard Wortel. Se wennet yn de Yndyske Buert yn Amsterdam-East. Se is leafhawwer fan De avonden fan Gerard Reve en it oeuvre fan Jan Wolkers. Se hat sympaty foar Extinction Rebellion en die mei oan de A 12-blokkade. Yn 2020 hie Wortel in relaasje mei Georgina Verbaan. Yn 2024 hat se al in pear jier in relaasje mei Nederlânske eardere top-swimster Femke Heemskerk.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Camping (2024)
- De groef (2021)
- Dennie is een star (2019)
- Goudvissen en beton (2016)
- Er moet iets gebeuren (2015)
- IJstijd (2014)
- Half mens - roman (2011)
- Dit is jouw huis - ferhalebondel (2009)
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sjuerypriis lanlike finale skriuwwedstriid Write Now! yn 2007
- Anton Wachterpriis 2010 (Dit is jouw huis)
- Nieuw Proza Prijs 2010 (winnend ferhaal: 'Kranten')[2]
- Gouden Nationale Twittergala Cup 2012 Spui25[3]
- 2015 - BNG Bank Literatuerpriis
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|