Maarten de Jong
Maarten de Jong (Arnhim, 26 maart 1962) is in eardere Nederlânsk proffuotballer. De Jong spile de measte fan syn wedstriden op it middenfjild.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1984 bruts De Jong troch by SC It Hearrenfean, neidat hy troch Henk van Brussel by de seleksje fan It Hearrenfean helle waard. By dizze klup soe hy oant en mei 1995 spyljen bliuwe. Troch de oanhing fan It Hearrenfean waard De Jong trije kear útroppen ta 'Spiler fan it jier'.
Yn de simmer fan 1995 giet hy foar FC Grins fuotbaljen. Yn 1997 beslút hy te stopjen mei proffuotbal.
Om syn tige grutte ynset yn de wedstriden dy't hy spile wie syn bynamme de kûtebiter. By SK It Hearrenfean wie De Jong tige populêr by it publyk. Hjir krige hy dan ek de bynamme Mister It Hearrenfean.
Nei syn fuotbalkarriêre hat De Jong in skoftke in sportwinkel hân op De Gordyk. Tsjintwurdich docht hy foar SC It Hearrenfean aktiviteiten mei de Junior Heroes. Hy wie de materiaalman fan it Nederlânske âlvetal ûnder 21 op de Olympyske Spullen yn Peking, in funksje dy't hy ek lange tiid hân hat by It Hearrenfean. Yn it seizoen 2007/2008 wie De Jong de haadtrener by Fuotbalferiening Jobbegea. Sûnt de simmer fan 2008 is hy haadtrener by Fuotbalferiening Donkerbroek.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Jong wie de spiler die it earste doelpunt fan SK It Hearrenfean yn de Earedifyzje makke. Op 25 augustus 1990 makke hy de 1-1 tsjin FC Folendam.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|