Mûtse

Ut Wikipedy
In frou mei in mûtse op.

In mûtse is in slop holdeksel sûnder râne (wêrmei't it him ûnderskiedt fan in hoed of in pet). Sokke holdeksels binne almeast breide of haakt fan wol of akrylfezel, of makke fan bûnt. Faak binne se bedoeld om winterdeis droegen te wurden of yn kâlde klimaten, om 'e drager te beskermjen tsjin 'e kjeld. Oare redens om in mûtse op te hawwen kinne kosmetysk wêze of mei moade fan dwaan hawwe. Histoarysk wie de mûtse teminsten fan 'e achttjinde iuw ôf in tige soad foarkommend holdeksel foar seelju, fiskers, jagers en oaren dy't it meastepart fan 'e tiid bûtendoar omsweefden.

Soarten mûtsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane in grut tal ferskillende soarten mûtsen:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.