Lytse bûnte wilster

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Lytse Bûnte Wilster")
Gean nei: navigaasje, sykje
Lytse bûnte wilster
Charadrius dubius 4 (Marek Szczepanek).jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Wilstereftigen (Charadriiformes)
Famylje: Wilsterfûgels (charadriidae)
soarte
Charadrius dubius
Charadrius dubius

De lytse bûnte wilster (Charadrius dubius) is in wilster út it skaai fan de bûnte wilsters.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De lytse bûnte wilster hat in wite ûnderkant, en de boppekant is brúngriis. By de hals hat er in swarte bân dy't rûnom rint. Fierder hat er in brede swarte eachstreek dy't nei de foarholle rint, om it each falt de giele eachring op. Hy hat in koarte donkere snaffel en brúngiele poaten. De lytse bûnte wilster is sa'n 15 oant 18 sm grut en waacht tusken de 25 en 55 gram.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De lytse bûnte wilster komt foar yn Jeropa en West-Aazje. Hy siket syn briedgebiet by rivieren, it leafst op in keale wâlkant mei kiezelstientsjes. It is in trekfûgel dy't yn Afrika oerwinteret.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De lytse bûnte wilster makket in nêst op de grûn. It kûltsje wurdt mei plantemateriaal beklaaid. It wyfke leit meast fjouwer aaien, dy troch beide âlden sa'n fjouwer wike lang bebret wurde.