Luna 10

Ut Wikipedy
Model fan de Luna 10 yn it museum fan Le Bourget

Luna 10 of Lunik 10 (E-6S-searje) wie in romtefartúch dat op 31 maart 1966 lansearre waard nei de moanne, fanôf in Earth Orbit-platfoarm. It wie de earste keunstmjittige satellyt fan de moanne (of in oar himellichem). De romtesonde kaam yn in baan om de moanne op 3 april 1966 en makke syn earste baan 3 oere letter (op 4 april, Moskou tiid). Oan board wienen wittenskiplike ynstruminten as in gammastrieling spektrometer foar de enerzjy tusken 0.3-3 MeV (50-500 PJ ), in triaksiale magnetometer, in meteorytdetektor, ynstruminten foar sinne-plasma stúdzjes en ek apparaten foar it mjitten fan ynfraread-útstjit fan de moanne en strielingstastân fan it moannemiljeu. Swiertekrêftstúdzjes waarden ek dien. It romtefartúch Luna 10 hie batterijen foar 460 moannebanen en 219 aktive data-útstjoerings, de sinjalen waarden beëinige op 30 maaie 1966.