Lofthaven Frankfurt am Main

Ut Wikipedy
Lofthaven Frankfurt am Main
Basisynformaasje
Namme Flughafen Frankfurt am Main
Lokaasje Frankfurt am Main, Dútslân
Status Ynternasjonale lofthaven
Hichte boppe de

seespegel

111 meter
Lingte lâningsbaan 2800 - 4000 meter
Undergrûn Asfalt en beton
Koördinaten

De Flughafen Frankfurt am Main, 12 kilometer súdwest Frankfurt am Main, iepene op 8 july 1939, is de grutste lofthaven fan Dútslân. Nei London Heathrow Airport en Aéroport de Paris-Charles de Gaulle is it de tredgrutste Europeeske lofthaven foar persoaneferfier, wrâldwiid stiet de lofthaven op plak alve. Yn 2013 wienen der 58,0 miljoen passazjiers op de lofthaven. Mei sa'n 2,2 miljoen ton frachtferfier yn 2011 wie de Frankfurter lofthaven nûmer sân fan de wrâld. De lofthaven hat twa terminals dy't mei elkoar ferbûn binne troch in shuttlebaan, de saneamde Skyline.[1]

Banen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 07C/25C - Lingte: 4000 meter. Asfalt.
  • 07R/25L - Lingte: 4000 meter. Asfalt.
  • 18 - Lingte: 4000 meter. Beton. Allinne foar omheech geande fleantugen.
  • 07L/25R - Lingte: 2800 meter. Beton. Allinne foar lânings.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Aktuelles in Kürze, yn Eisenbahn-Revue International, útjefte 8-9/2000, side 342