Lingtemaat

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje

Berjocht:Woordenboek Lingte is ien fan de ôfmjittings fan in objekt. Yn it gefal fan in iendiminsjonaal objekt, likas in linstik of in tou, is it ek de ienige ôfmjitting. Foar twadiminsjonale objekten, dy't min ofte mear as rjochthoekich beskôge wurde kinne, is de lingte trochgeans de grutste fan de beide afmjittings. Ek foar trijediminsionale objekten, dy't min ofte mear blokfoarmich binne, is de lingte trochgeans de de grutste fan de trije ôfmjittings (neist breedte en hichte).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Relativiteit

Neffens de relativiteitsteory is lingte in relatyf begrip: itselde objekt kin foar ferschillende waarnimmers ferskillende lingte hawwe.

[bewurkje seksje] Hantearre lingtematen

De lingte wurdt mjitten yn ferschillende ienheden. Wrâldwiid wurde de ienheden fan it metrike stelsel it measte brûkt. Dit binne fan grut nei lyts ûnder oare de kilometer, hektometer, dekameter, meter, desimeter, sintimeter en milimeter.

Yn mar in pear lannen wurdt it ymperiale stelsel hantearre, lykas de milen, fuotten, yards, inches en oare.

[bewurkje seksje] Alde lingtematen

Yn âlde kultueren waarden oare lingtematen brûkt as it ymperiale en metrike stelsel. Yn Nederlân brûkte men eartiids û.o. de de jellen en tomme as lingtemaat. De Kelten en Germanen hienen de Woedensspanne as lingtemaat. De Romeinen brûkten de myl op mylpeallen om de ôfstân oan te tsjutten.

[bewurkje seksje] Kepeling om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings