Letterkast

Ut Wikipedy
In bok mei in iepensteande letterkast

In letterkast is in laad dêr't fakken yn oanbrocht binne foar it opbergjen fan hânletters. Nei it útfinen fan de boekdrukkeunst binne der twa ferskillende kasten: de boppekast foar haadletters en de ûnderkast foar de lytse letters. Op de bok wurdt de boppekast op de ûnderkast pleatst. Yn de tweintichste iuw waarden de boppe- en ûnderkast gearfoege yn de trijefearnskast.

Op 't heden wurdt in letterkast of letterbak faak as sierobjekt oan de muorre hongen mei dêryn lytse sierfoarwerpkes.