Leo Ryan

Ut Wikipedy
Leo Ryan

Leo Joseph Ryan, Jr. (Lincoln (Nebraska), 5 maaie 1925 - Jonestown (Guyana), 18 novimber 1978) wie in Amerikaansk politikus foar de Demokratyske Partij.

Ryan wie ôffurdige fan it Alfde Kongresdistrikt fan Kalifornje fan 1973 oant er deasketten waard yn Guyana troch leden fan de People's Temple yn Jonestown koart skoft foardat sy harren kollektyf te koart diene. Hy is it earste en ienige Amerikaanske kongreslid oant no ta dy't ûnder it útoefenjen fan syn funksje fermoarde is.

Yn 1962 wie er boargemaster fan South San Francisco.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan it artikel Leo Ryan yn de Nederlânstalige Wikipedy