Leilani Vega

Ut Wikipedy
Leilani Vega
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 maart 1988
berteplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Filipynsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
gjint

Leilani Vega, echte namme ûnbekend (27 maart 1988), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Filipynsk etnysk komôf.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vega waard yn 1988 berne yn 'e Feriene Steaten, as de dochter fan Filipynske ymmigranten. Yn 2014, doe't se 26 jier wie, makke se har debút yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se yn ien pornografyske film spile, te witten Buttsex Nymphos 3 (2014), fan 'e foaroansteande studio Evil Angel. Dêryn spile hja in sêne mei akteur Mike Adriano. Njonken har filmwurk hat Vega yn 't spier west foar ferskate pornosites op it ynternet, en teffens hat se posearre foar ferskillende neakenblêden.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens har offisjele opjefte is Leilani Vega 1.62 m lang, mei in gewicht fan 50 kg en in (natuerlike) kupmaat 34A. Hja hat in piercing troch har nâle, en ferskate tattoeaazjes. It meast opfallend is de tekst Asian Persuasion, dy't yn koweletters boppe har boarsten tattoeëarre is. Oare, mear keunstsinnige tattoeaazjes hat hja op har lofterskouder en har bopperêch, mei op har ûnderbúk oan beide kanten in stjer.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: