Kyck over den Dyck

Ut Wikipedy
Kyck over den Dyck
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
plak Doardt
adres Noordendijk 144
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1713
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 13606 [1]
offisjele webside
Side fan de mûne

Kyck over den Dyck is in nôtmûne oan de Noordendijk yn de Súd-Hollânske stêd Doardt. Fan de 100 mûnen dy't Doardt ea ryk wie, is Kyck over den Dyck de iennige mûne dy't bewarre bleaun is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik stie op it plak in yn 1612 boude houten standermûne, dy't mout mealle foar de Doardtske bierbrouwerijen. De standermûne waard yn 1713 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de hjoeddeiske rûne stiennen stellingmûne.

Sûnt 1739 meallet de mûne nôt. Yn 1871 rekke de mûne troch in wynhoas skeind. Beide roeden brieken en de stelling wie skansearre. Yn 1932 krige de mûne in elektromotor en dêrnei rekke de mûne yn ferfal.

Fan 1952 oant 1997 wie de gemeente eigner fan de mûne. Yn dat lêste jier waard de mûne oerdroegen oan de stifting 'Molen Kyck over den Dyck'. Dy stifting liet de mûne wer mealfeardich restaurearje. Yn oktober 2021 waard in restauraasje fan de wjukken foltôge.

Frijwillige mounders litte de mûne regelmjittich wurkje. Yn de mûne is in winkel mei ambachtlike produkten.

De flecht fan de mûne is 25,9 meter, de hichte fan de stelling 16,30 meter.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: