Kuttepiel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kuttepiel bespile fan de Akoestini's

In Kuttepiel is in perkuzje-muzykynstrumint besteande út in stok wêrop inkele balken spikere binne, yn de foarm fan in soart krús. It ynstrumint docht wol tinken oan in telegraaf by it keatsen. Op dit krús binne tal fan bierdoppen spikere en yn it midden is in blik befestige wêrop tikke wurde kin. It ynstrumint wurdt bespile troch der mei tsjin de grûn te tikjen.

It ynstrumint is ea yntrodusearre by optredens fan it Fryske dujo Pigmeat.

Yn Austraalje bestiet ek in soartgelyk ynstrumint. Dêr wurdt it in Lagerphone neamd.